Hoofdtekst
Doe't ik yn 'e Haskerveenpolder oan 't wurk wie, fortelde Paulus van Zanten my oer in man en in frou.
De man arbeide op 'e febryk. De frou wie great mei in oare keardel. Dat hienen de lju him al in kear of fjouwer, fiif forteld, mar hy woe it noait leauwe.
Mar op in kear tocht er: ik wol 't ûndersykje.
Doe't er dy moarns nei 't wurk ta gong wie, kearde er stikum werom nei hûs ta en stelde him fordekt op.
In ûre letter kom der in man oan. Dy makke mei syn frou in nûmerke en bitelle in ryksdaelder.
Har man bearde dat er neat wiste en gong nei syn wurk.
Doe't er thús kom to iten lei er in ryksdaelder njonken 't board. Dat die er de moarns, de middeis en de jouns. By elke mieltiid. Hyltyd deselde ryksdaelder.
Hy tocht: "Dû silst prate."
Mar hja praette net. Hja woarde der siik fan en kwynde wei, omt har man noait hwat sei en altyd mar as in forwyt de ryksdaelder njonken 't board lei.
Doe't se stoar is hy gek woarn. Hy is yn Frentsjer stoarn.

Beschrijving
Een man had een vermoeden dat zijn vrouw hem ontrouw was, en hij verstopte zich in huis. Hij zag haar met een andere man slapen, en dat ze daarvoor een rijksdaalder kreeg. Sindsdien legde hij bij elke maaltijd een rijksdaalder naast zijn bord. Er werd nooit over gepraat, maar de vrouw werd er ziek van en kwijnde weg.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 436, verhaal 12
Commentaar
15 juli 1968
Naam Overig in Tekst
Paulus van Zanten   
Frentsjer   
Naam Locatie in Tekst
Haskerveenpolder   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21