Hoofdtekst
As in houn spûkgûlt, dan giet der ien dea. Dat komt altyd út. Mar it is ûngelyk hoe't it gebeurt. Sy matte net fêst sitte. Dan binne se binaud. Dan gûle se altyd.
Myn frou wie frijhwat siik. Wy leinen op in nacht togearre op bêd. Doe bigong der in houn to spûkgûlen. Ik tocht: As se dat nou mar net heart. As se nou mar slept.
"Slepste?" sei se.
Ik sei: "Ja, al hast."
"Hearst dy houn wol?" sei se.
"Och," ik sei, "hâld op. Wy matte sliepe."
"Hwat hast my forteld", sei se. "As in houn spûkgûlt, komt der in sterfgefal. It liket mei my net bêst."
Fjirtsjin dagen letter is se ûnforwacht nei Ljouwert, nei 't sikenhûs ta rekke. Dêr is se stoarn.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Als een hond spookhuilt, dan gaat er iemand dood. Een vrouw was eens ziek. Toen zij en haar man 's avonds in bed lagen, hoorden ze een hond spookhuilen. Veertien dagen later is de vrouw in het ziekenhuis gestorven.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 442, verhaal 12
Commentaar
23 juli 1968
Andere Todesvorzeichen
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21