Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ044301

Een sage (mondeling), donderdag 01 augustus 1968

Hoofdtekst

Ik kaem to wenjen by de Slingerwei ûnder Drachten. Njonken ús wennen in man en in frou en twa bern. Ik wie widner. Myn frou hie earder troud west en dy har jonge haw ik greatbrocht. Wy slepten yn 't selde bêdsté. Op in kear leinen wy op bêd, doe stompte de jonge my oan.
"Hwat is der?" sei 'k.
"Der stiet in frommes oer 't hûs", sei er.
It wie in nachtmerje. 't Wie ús eigen buorfrou. Ik bin fuort út bêd sprong en ik sei: "'k Sil my dy ôfweve, smoarge nachtmerje." Ik ha de tange krige en dêr haw ik har mei op 'e hûd jown. Ik sei: "Ast wer komst, dan hou ik dy fuort hartstikke dea." Sy hat noait wer by ús west.


Beschrijving

Een jongen stootte zijn stiefvader eens wakker in bed, en wees op de nachtmerrie die in het huis stond. Het was de buurvrouw. De man heeft haar een flink pak slaag gegeven en gedreigd haar de volgende keer te vermoorden.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 443, verhaal 1

Commentaar

1 augustus 1968

Naam Locatie in Tekst

Slingerwei    Slingerwei   

Slingerweg    Slingerweg   

Drachten    Drachten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21