Hoofdtekst
Hjir yn Ikkerwâld hat in sterke keardel wenne. Syn namme wol my sa net yn 't sin komme.
Sy makken by 't spoar fan Ljouwert nei Grins greate spoargatten. Dêr wurke dy Ikkerwâldster ek oan mei. De polderjonges woenen him der tusken ha en stutsen him hyltyd de gek oan. Sy pestten him.
Doe't er yn sa'n spoargat siet en de pipegael fol modder hie, krige er ien keardel by dy polderjonges wei en lei him dwars oer de pipegael. Doe kroade hy him út it spoargat wei nei boven ta. Doe't de modder der út wie en de keardel der ôf, doe krige er de kroade yn ien hân beet en klapte him nei de arbeiders ta. Doe wisten se hwat man as it wie. Doe wie 't mei 't pesten gebeurd. 't Sil sahwat west ha yn 1896.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Een paar jongens pestten eens een hele sterke man. Hij was aan het werk, hij maakte spoorgaten voor het spoor van Leeuwarden naar Groningen. Hij greep een van de jongens en legde hem dwars over zijn kruiwagen met modder. Hij toonde hoe sterk hij was, en toen was het pesten over.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 444, verhaal 5
Commentaar
28 juli 1968
Sterke man (vrouw)
Naam Locatie in Tekst
Ikkerwâld   
Akkerwoude   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Grins   
Groningen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21