Hoofdtekst
Mei Skoppenboer kin men in flesse drank komme litte. Twa man matte earst in akkoart mei elkoar meitsje. De oare set de lege flesse mei de kaert der oan bûten de doar, en wy prate ôf, ik sil de folle flesse aenst oankrije. Hwant dat mei hy net dwaen dy't de flesse fuortstjûrt. Even letter dan komt de flesse mei jenever der oan. Ik pak him oan en jow him dan oan myn maet. Dy jit it earste yn in romer en dy smyt er leech oer 't linkerskouder hinne en dan seit er: "Dêr, duvel, dat is foar dy." Dan komme de romers op 'e tafel en dy drinke se meielkoar leech.
Onderwerp
SINSAG 0685 - Pikbube als Helfer.   
Beschrijving
Met een schoppenboer kan men een fles drank laten komen. Twee man moeten een accoord sluiten. Een ander zet een lege fles met de speelkaart buiten bij de deur en er wordt afgesproken wie de fles aan zal nemen. Dat moet weer iemand anders zijn. Even later komt de fles met jenever. Het eerste borreltje wordt over de linkerschouder leeg gegooid.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 445, verhaal 8
Commentaar
8 augustus 1968
Pikbube als Helfer.
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
