Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ044516

Een sage (mondeling), donderdag 08 augustus 1968

Hoofdtekst

Us mem is yn 'e Harkema great brocht. Hja fortelde der wenne yn 'e Harkema in âld frou, dy siet altyd to spinnen. Froeger wie it de gewoante, as de lju in himd hienen dat net al to bêst mear wie dan brûkten se dat as deadshimd. It wie doe in earmoedige tiid.
Doe't dat âld minske kom to forstjerren, dat altyd siet to spinnen, dienen se har in himd oan, dêr't mar ien mouwe yn siet. Sy seinen, dat stuts net sa nau, dat koe sy wol oan ha. Mar doe't dat âld minske goed en wol yn 't graef lei, bigong se to spûkjen.
Hja kom by de minsken dêr't se wenne hie en sei:
"Altyd spinne, altyd spinne,
en nòch mar in himd mei ien mouwe."
De lju woarden bang en sy gongen nei de grifformearde doomny ta. "Hoe matte wy hjir mei oan", seinen se. De doomny sei: "Jimme matte de oare mouwe yn 't finsterbank lizze."
Dat ha se doe de jouns dien. De oare moarns wie de twadde mouwe fuort. En hja hat dêr noait wer west.


Onderwerp

SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)    SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   

Beschrijving

Een oude vrouw zat altijd te spinnen. Mensen gebruikten vaak een oud hemd als doodshemd. Toen de oude vrouw dood was, deden ze haar een hemd aan waar geen mouw meer inzat. Maar toen de vrouw eenmaal in haar graf lag, begon ze te spoken. Zij kwam bij de mensen waar ze gewoond had en zei: "Altijd spinnen, altijd spinnen, en nóg maar een hemd met een mouw." De mensen waren bang en haalde er een dominee bij. De dominee zei dat ze een mouw in de vensterbank moesten leggen. Dat deden ze en de volgende dag was de mouw verdwenen. De geest is nooit meer geweest.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 445, verhaal 16

Commentaar

8 augustus 1968
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21