Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ045205

Een sage (mondeling), donderdag 05 september 1968

Hoofdtekst

Piter de Graaf gong froeger wol to nijjiersroppen.
Sa kom er ek us in kear by ús buorlju to nijjierroppen; dy hienen in siik famke.
Fuort dêrnei kom er by ús. 't Wie noch yn 'e iere moarn, doe sei er: "As ik aenst werom kom, dan is dat famke hjirneist wei." Dat is útkom.
Tsien ûre kom er werom, doe wie 't bern al stoarn. (Deselde dy't it berntsje forlern hat, wie Antsje Bruining sj. )
Ik moest doe krekt bifalle. Doe hat er tsjin myn man sein - sûnder dat ik it wiste - : "Jimme berntsje wurdt dea geboaren." Dat is ek útkom.
Us berntsje en dat fan 'e buorlju binne tagelyk op 't hôf kom.
Hy foarspelde dy kear noch mear. "As ik rjochts sjoch," sei er, "dan falt dêr ien, dêr't net ien op fordacht is. 't Is in jongkeardel, ien fan Piter Kats." (Even letter is dy stoarn)
Doe sei er: "Sjoch ik even fierder, dan falt dêr in jong fanke, dêr't net ien op fordacht is." ( Dat wie in famke fan sechstjin jier, in dochter fan in sekere Haitsma oan 'e Houtigehaechster wyk, dy't har sels mei 't gewear deasketten hat fanwege forkearingspul)
"As ik fierderop sjoch nei rjochts," sei er, "falt dêr in heit út in húshâlding." Dat is ek útkom.
Durkje Bruining (sjoch ), har man foel yn 'e ûngetiid troch in sinnestek.
Dat hat er allegear fantofoaren sjoen. Hy fortelde 't allegearre op nijjiersdei.
Ik wie bang foar dy man.

Onderwerp

SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht    SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   

Beschrijving

Een helmdrager voorziet talloze sterfgevallen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 452, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

5 september 1968
Das zweite Gesicht & TM 2901: Helmdragers

Naam Overig in Tekst

Piter de Graaf    Piter de Graaf   

Antsje Bruining    Antsje Bruining   

Piter Kats    Piter Kats   

Haitsma    Haitsma   

Houtigehaechster    Houtigehaechster   

Durkje Bruining    Durkje Bruining   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21