Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ046013

Een sage (mondeling), zondag 18 augustus 1968

Hoofdtekst

Yn Driezum wennen in man en in frou, dy hienen gjin bern. De man woarde siik en de dokter moest komme. De man woarde minder en stoar.
De buorren kommen en biklaeiden him. De oare deis soed er yn 'e kiste. Mar de frou sei: "Ik wol him sa net yn 'e kiste ha. Hy hat in lyts read plakje yn 't wang. Ik wol earst dokter der by ha." Hy lei op it strie yn 't bêdsté. Doe kom dokter. Dy sei, dat har man stoarn wie.
It wienen earme minsken. De frou hie in spinnewyl en hja gong sitten to spinnen.
Doe hearde se it strie hwat ritseljen, hja tochte: "Dêr sitte mûzen yn. Dy dogge dat."
Doe die hja de bêdsdoarren iepen. Doe seach se nei har man. Der gong him in rilling oer de lea. Hy hie al seis dagen lein.
De frou rôp de buorren, dy't him biklaeid hienen. Dy kamen en seagen hoe't hy de egen opsloech.
Doe hellen se gau de dokter. Hy hie skyndea west.
Stadichoan woarde er wer better. Hy hat noch twa jier leefd. Mar de fleur wie der út. Hy hat noait wer lâke of gûld en prate died er binei ek net.

Beschrijving

Een 'gestorven' man blijkt schijndood: hij slaat de ogen op. De man heeft nog twee jaar geleefd, maar niet van harte: de man heeft nooit meer gehuild of gelachen en nauwelijks gepraat.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 460, verhaal 13 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

18 augustus 1968

Naam Locatie in Tekst

Driezum    Driezum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21