Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ046110

Een sage (mondeling), zondag 14 juli 1968

Hoofdtekst

Us heit en dy wennen op 'e Langewyk. Heit en mem hienen dêr in winkeltsje. Doe kom dêr op in kear in frommes by heit yn 'e winkel, dy hie har man forlern.
Sy sei tsjin heit: "'k Ha myn man sjoen."
"Dat kin net", sei heit.
"Wier," sei se, "ik haw him sjoen."
"As 't wier is, wol ik him èk wolris sjen", sei heit.
Doe hied er tofolle sein.
Op in kear kom heit fan 'e Rottefalle yn 't holst fan 'e nacht. Doe wie der ien, dat like fremd en raer. Hy wie njonken heit.
"Goeije navend", sei heit.
Hy sei neat.
"Goeije navend", sei heit wer.
Hy sei noch neat.
"Goeije navend, bliksem," sei heit, "hast gjin bek?"
Doe wie dyselde njonken him ynienen fuort west by in boskje. Doe wie heit binaud woarn en bigong nei to tinken. En doe kom 't him yn 't sin dat der gjin fuotstappen west wienen fan dy oare. It hie de geest west fan dy man dy't forstoarn wie.

Onderwerp

SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.    SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   

Beschrijving

Een weduwe vertelt aan een winkelier dat de geest van haar overleden man haar soms bezoekt. De winkelier gelooft het niet, maar wordt kort daarop opgeschrikt door de geest van de overleden echtgenoot.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 461, verhaal 10 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

14 juli 1968
Andere Tote spuken.

Naam Locatie in Tekst

Langewyk    Langewyk   

Rottefalle    Rottefalle   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21