Hoofdtekst
Der wie ien op 'e Loane dy hie fan tofoaren in lykstaesje sjoen. Mar dat wie hiel eigenaerdich, hwant it wie dy nachts blêdstil waer. Mar de minsken dy't by dy lykstaesje wienen hienen de huodden en petten fêsthâlden en de regenkleden fan 'e froulju waeiden en wapperen alle kanten út. Sy wienen der skjin forlegen mei.
Dy lykstaesje wie op 't tsjerkhôf fan 'e Loane taset.
In skoft letter forstoar der ien. Doe stie der in stoarm. It waeide dat it rikke en de froulju hienen hâlden en kearen mei har regenkleden. 't Wie krekt sa lyk as hy it dy nachts sjoen hie.
Dy man wie mei de helm geboaren.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een helmdrager ziet bij windstil weer een lijkstoet passeren. De mensen in de stoet - veelal gehuld in regenkleding - kunnen zich echter maar met moeite staande houden door een hevige storm. Het is een voorgezicht: als er later iemand sterft, stormt het ook hevig.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 461, verhaal 12 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
14 juli 1968
Leichenzug gesehen & TM 2901: Helmdragers
Naam Overig in Tekst
Loane   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21