Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ046304

Een sage (mondeling), donderdag 05 september 1968

Hoofdtekst

Piter de Graaf en Melle Jans Veenstra gongen op in kear de klaei op om wurk. Doe kom de loft bot opsetten. Sy tochten: wy krije in pak swier waer en dêrom gongen se nei in boer ta. Sy fregen him of se dêr de nachts wol sliepe mochten.
"Né," sei de boer, "ik wol hjir nachts gjin sliepers ha."
Doe sei Piter: "Och man, lit ús hjir dochs sliepe, hwant jo sjogge de loft wol opkommen."
Né," sei de boer, "ik wol jim hjir net ha. En ik sil 't jim ek wol sizze: ik kìn jim hjir net ha, hwant myn skuorredoarren steane alle moarnen wiid iepen."
"Och boer," sei Piter wer, "lit ús hjir bliuwe. Wy binne oppassende liuwe."
"Nou, foruit dan mar", sei de boer.
Doe sei Piter: "As dat sa is, dat jou doarren moarns iepen steane, dan sil ik jo moarn wol sizze, hwat dat is."
Sy joegen har togearre yn 't hea del.
Om tolwe ûre gongen de doarren iepen. Dêr sjocht Piter de boerinne oankommen mei 't breed-gouden earizer op en in beugeltas yn 'e hân. En dy giet nei binnen ta. Even leter giet it der yn 'e hûs bot oan wei. Nei in skoftsje komt de boerinne wer ta 't hûs út en giet se wer troch de iepene skuordoarren nei bûten ta. De boer is widner en de boerinne is al in skoft forstoarn.
De boer komt de oare moarns by de beide sliepers yn 'e skuorre. Hy seit: "Sjogge jim wol? De doarren stean iepen."
"Ja," seit Piter, "dat wyt ik wol, hwant ik ha de boerinne by jo yn 'e hûs stappen sjoen. Hwat is 't der by jim oan wei gong! Is der ek hwat tusken jim beiden?"
Doe sei de boer: "Ja, ik ha 't lân noait foreffene en it jild ek net, dat ik foreffenje moest."
Doe sei Piter: "Dan soe ik dat mar gau dwaen."
It jiers dêrop, doe kommen Piter en Melle wer by dyselde boer; doe hie de boer de boel al lang bitelle en sûnt hie er noait wer hinder hawn.

Onderwerp

SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)    SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   

Beschrijving

Twee kleiarbeiders zien noodweer aankomen en vragen een boer om onderdak voor de nacht. De boer weigert aanvankelijk omdat hij last heeft van spookdeuren, maar stemt uiteindelijk toe. De twee arbeiders besluiten in de gaten te houden wat er met de deuren gebeurt. Om middernacht gaan de deuren open en komt de boerin binnen. De boerin is echter al een tijdje dood. De boerin is blijven rondspoken omdat de boer verzuimd heeft een bepaald geldbedrag te betalen. Als de boer aan zijn verplichting voldoet, vindt de vrouw rust.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 463, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

5 september 1968
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).

Naam Overig in Tekst

Piter de Graaf    Piter de Graaf   

Melle Jans Veenstra    Melle Jans Veenstra   

Piter    Piter   

Melle    Melle   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21