Hoofdtekst
Myn man hat murdefanger west. Op in kear wie Piter de Graaf mei myn man to murdejeijen. Sy wienen yn 'e Kompenije op in âld reedtsje. Doe sei Piter tsjin myn man: "Wolst even oan kant gean?"
"Hwerom mat ik oan kant?" sei myn man.
"Gean even oan kant," sei Piter, "hwant der komt in lykstaesje oan."
"Och, rin hinne", sei myn man. Mar hy wie even mei Piter oan kant stean gong, yn 'e wâl. 't Wie nacht. Even letter sei Piter: "Kom der nou mar wer wei. Hast it ek sjoen?"
"Né," sei myn man, "ik ha neat sjoen."
"Sjochst dat hûs dêr wol?" sei Piter.
"Ja", sei myn man.
"Binnen fjirtsjin dagen is de frou wei dy't dêr yn wennet."
It is krekt sa útkom.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
De ene jager maant de andere jager opzij te gaan voor een passerende lijkstoet. De ene man voorziet dat een bepaalde vrouw gaat sterven en het komt precies zo uit.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 463, verhaal 13 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 september 1968
Leichenzug gesehen.
Naam Overig in Tekst
Piter de Graaf   
Kompenije   
Piter   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21