Hoofdtekst
Piter Claus wenne oan 'e Spekloane. Hy wie in soarte fan wonderdokter. Hy brûkte homopathyske middeltsjes.
Mar ik hie der great respekt foar. Hwat hat dy man in soad lju genezen, fral bern. Wy ha froeger noait in dokter brûkt. Wy gongen altyd mar nei Piter Claus en dy makke ús wer better.
Piter Claus fortelde ris, hy en syn soan Halbe moesten ris beantsjes ôfleverje op 't Surhústerfean. Piter gong dêr mei 't jonkje hinne. "Doe't wy oan'e houtsjes ta wienen by 't Blauhûs," sei Piter, "kom dêr in mynhearke njonken my. Dy lake my oan. Ik sei: - Duvel, gean fan my, hwant ik hâld net fan dy - "
Doe't wy flak by 't houtsje wienen, stie mynhear op ús to wachtsjen.
- Bliuw dû stean hwerstû biste, ik ha niks mei dy to krijen - sei 'k."
Doe wienen Piter en Halbe rjochtút nei de strjitwei ta gong en net oer de houtsjes nei 't Surhústerfean.
Op 'e strjitwei frege Halbe: "Heit, hwa wie dat?"
"Dat wie net ien dêr't wy ús mei ophâlde meije", hie Piter sein. 't Hie de kweade - sels west.

Onderwerp
SINSAG 0933 - Begegnung mit dem Teufel, welcher verschiedene Gestalten annimmt.   
Beschrijving
Een wonderdokter geneest vaak mensen, vooral kinderen. De dokter en zijn zoon stonden ooit oog in oog met de duivel in de gedaante van een klein mannetje.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 465, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 oktober 1968
Begegnung mit dem Teufel, welcher verschiedene Gestalten annimmt.
Naam Overig in Tekst
Piter Claus   
Piter   
Blauhûs   
Naam Locatie in Tekst
Spekloane   
Halbe   
Surhústerfean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21