Hoofdtekst
Jan Hepkes handele yn fellen en bonken. Op in kear kom er út Ljouwert wei op 'e fyts. Hy ried op in transport. Hy koe sa hurd, dêr wie noait ien dy't him foarbyried. Hy koe net fele dat der ien njonken him kom.
Hy ried yn in stive oastewyn op. In jong-keardel kom him op side, dy wie him achterop kom. Dat wie slim. Jan wóe him foar bliuwe. Hy ried en ried.
De jongman wie foar. Mar op it lêst doe fornom er dat er de feint achter him hie. Mar doe wied er alhiel yn Visvliet. Hy hie by Koaten ôfslaen matten nei Surhústerfean, dêr hied er neat fan fornom.
Dy feint hat it mei de dea bikeapje matten, fortelde Jan, dy hie bloed spuid. Eigen skuld.
De minsken yn Visvliet, doe't se hearden hoe let hy út Ljouwert weigong wie gongen mei de pet bylâns. Hy barde in moai stûr. Doe ried er oer Stiensgea nei 't Fean werom. Yn Stiensgea wie 't hurdriden. Dêr rekke er noch op 'e baen en woan in earste priis.

Beschrijving
Jan Hepkes duldt niet dat iemand hem inhaalt op de fiets. Een waaghals die het toch tegen de razendsnelle Jan probeert op te nemen, sterft op de fiets. Jan Hepkes heeft later nog meegedaan met het hardrijden op de baan en won prompt de eerste prijs.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 466, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
17 augustus 1968
Naam Overig in Tekst
Jan Hepkes   
Visvliet   
Koaten   
Fean   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Surhústerfean   
Stiensgea   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21