Hoofdtekst
It mantsje koe lêze noch skriuwe.
"In stêd yn it suden fan ús lân," sei er, "kriget der hiel bot fan. Ik bileef it net," sei er tsjin myn man syn broer, "mar jimme sille 't noch wol bilibje. De bern dy't nou nei skoalle gean krije 't swier. En ek deselden dy't noch geboaren wurde." Dat wienen de ûnderdûkers.
"Yn dy oarloch sil de koaningin fuort gean. Hwant Nederlân sil ek yn 'e oarloch bitrutsen wêze.
As se de minsken hjir op Sweagerfean oppakke, dan sil de oarloch gau dien wêze."
Dat is útkom: yn jannewaris '45 ha se ds. Hazenberg, Hille Veenstra en dokter Theo de Jager en meester Riemersma ophelle. Doe wie der in frou, dy sei tsjin my: "Nou, as âlde Douwe gelyk krijt, dan is de oarloch hjir gau ôfroun." 15 april binne wy bifrijd. Hy hat gelyk krige.
Yn 't earst fan 'e oarloch soenen se sizze: "Amerika komt, mar 't wurdt neat." As Amerika wer kaem, dan kaem Dútslân ûnder 'e treurebeam. Dan soenen de poepen it forlieze.
De koaningin soe ús forlitte. As se wer kaem, dan soe se net folle mear to sizzen ha. En dy't har opfolge, noch minder. Wy soenen in oar regear krije. De negus? soe de earste wêze dy't wer op 'e troan kom.
Der soe in gebaende wei troch de woastyn komme.
De Sahara soe fruchtber lân fan makke wurde.
De Joaden soenen nei Palestina weromgean.
Amerika soe yn fjouweren falle. In rêstige tiid krigen wy net wer.
Yn 'e tiid fan '40 op '45 soe der in middel útfoun wurde tsjin 'e tongblier.
De keallesketsen soenen fuort út 'e tiid reitsje as de oarloch bigoun (yn '14-'18 wienen der noch gjin keallesketsen)
Dan soe der noch in oarloch komme tusken Joaden en Russen. Tidens dy oarloch soe der mei houten gewearen striden wurde, dy wienen noch sterker as izerene. En dan soenen de liken by elkoar opstean, it soe sa'n oarloch wurde as de wereld it noch noait bileefd hie.
De boeren soenen machteloas stean.
Ingelân wie 'de grote hoer op de vele wateren'.
Dat soe syn bisittingen kwyt reitsje en as it ware alhiel wei wurde.
Uteindelik soenen de Russen baes wurde yn Europa.
Dat binne de foarsizzings fan âlde Douwe. Hy is sahwat om 1930 hinne stoarn.
Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Douwe   
Hazenberg   
Hille Veenstra   
Theo de Jager   
Riemersma   
Joaden   
Russen   
Naam Locatie in Tekst
Kollumersweach   
Nederlân   
Sweagerfean   
Amerika   
Dútslân   
Palestina   
Ingelân   
Europa   
