Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ046816

Een sage (mondeling), dinsdag 20 augustus 1968

Hoofdtekst

Us heit wie stuolwynder. Hy bleau soms hiele wiken en ek wol us in fjirtsjin dagen wei. Dan sliepte er by de boeren yn 'e skuorre of bûten yn in heabult of sa.
Op in kear wienen heit, Auke de Vries en Yke de Vries mei har trijen op stap. Sy moesten noch ûnderdak ha. Mar it wie to let om noch by in boer om ûnderdak to freegjen. 't Wie al tsjuster.
Doe seagen se ergens in hok stean. Sy tochten: dêr kinne wy miskien yn sliepe. Mar sy hienen gjin fjûr by har, dat it moest allegear op 'e taest gean.
Sy gongen ta de doar yn, heit foarop, beide hannen foarút.
"Hjir stiet in skiep", sei heit. Mar doe woarde datselde ynienen folle greater ûnder syn hannen, dat hy rôp: "Nou is 't leau 'k al in hynder!"
Doe't er omseach hienen de oare beiden al fuort west. Sy doarsten der net yn to sliepen, dit wie spûkerij.

Onderwerp

SINSAG 0361 - Spuktier, das immer grösser wird, erschreckt Mann.    SINSAG 0361 - Spuktier, das immer grösser wird, erschreckt Mann.   

Beschrijving

Drie kameraden overnachten in een hok. In het hok staat een dier dat steeds groter wordt: een spookdier.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 468, verhaal 16 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

20 augustus 1968
Spuktier, das immer grösser wird, erschreckt Mann.

Naam Overig in Tekst

Auke de Vries    Auke de Vries   

Yke de Vries    Yke de Vries   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21