Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ047117

Een sage (mondeling), vrijdag 05 april 1968

Hoofdtekst

Sa wie der ek in frou, dy bitichten se der fan dat se tsjoene koe. Dat fortelden se ek oan har man. Dy woe der mear fan wite.
Sy hienen glêzen mei blinen der foar. Dy kommen jouns ticht. Der sieten hartsjes yn dy blinen.
Op in joun gong de man der út. Bûten gong er foar ien fan dy hartsjes stean om to sjen hwat der binnen gebeurde. Doe seach er dat syn frou in popke yn 'e hûs hie. Dat hâldde se yn 'e hannen en dêr stuts se mei in spjelde yn om.
Hy bleau krekt salang stean to sjen oant se 't popke wer oppakte. Doe wist er hwer't se 't hie.
Doe't er wer yn 'e hûs kom lei syn frou al op bêd. Hy gong nei 't plak ta, dêr't dat popke wie. Hy krige 't en smiet it yn 'e kachel. It popke brânde op. Mar doe krige de tsjoenster in ôfgrysliken pine.
Doe't it popke forbrând wie, wie de tsjoenster dea.


Onderwerp

SINSAG 0627 - Hexe durch Verbrennung eines magischen Mittels gequält    SINSAG 0627 - Hexe durch Verbrennung eines magischen Mittels gequält   

Beschrijving

Een man bespioneert zijn vrouw - een vermeende heks - en komt tot de conclusie dat zijn echtgenote terecht van hekserij beschuldigd wordt. Zijn vrouw steekt naalden in een popje. De man gooit het popje in de kachel als zijn vrouw slaapt. De vrouw lijdt afgrijselijke pijnen en sterft als het popje helemaal opgebrand is.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 471, verhaal 17 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

5 april 1968
Hexe durch Verbrennung eines magischen Mittels gequält en SINSAG 0531

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21