Hoofdtekst
Myn frou wenne yn Twizelerheide yn in húske mei in plankje oer in sleat. Op in joun, doe leinen se al by harren op bêd, doe hearden skoanmem en dy guon praten. Skoanmem gong der ôf en gong foar 't glês stean om to sjen hwa't dat noch wiene, dy't sa let warber wienen. Doe seach se trije minsken rinnen.
It wienen Stammerige Harm, dy syn suster en in dochter fan har: Alle trije tsjoensters.
De oare moarns praette se mei har buorman. Dy hie in skiep oan 'e line. Hy sei: "Fannacht ha se myn skiep bitsjoend." Hy sei: "Ik leunde oer de ûnderdoar hinne. Doe seach ik trije minsken stean. It wienen Stammerige Harm, syn suster en dy har dochter. Dy taestten alle trije op it skiep om."
Ik sei: "Hwat mat dat dêr, duvel?" "Dat lêste: - duvel - hie 'k noait sizze matten," sei er, "oars hie 'k se krije kind. Nou naeiden se hurd út."

Beschrijving
Een vrouw hoort 's nachts stemmen. Als ze voor het raam gaat staan, ziet ze tovenaar Stammerige Harm, diens zus en de dochter van de zus. De volgende morgen blijken de schapen van de buurman betoverd. De buurman heeft de tovenaars 'wat moet dat daar, voor de duivel' toergeroepen. Als hij het woord 'duivel' niet uitgesproken had, had hij de tovenaars kunnen krijgen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 472, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
14 mei 1968
Naam Overig in Tekst
Stammerige Harm   
Naam Locatie in Tekst
Twizelerheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21