Hoofdtekst
Der wenne yn 'e Kompenije in boer, dy sûpte as in kreupel. Hy rekke siik en moest nei Grins ta. Hy waerd yn in âld wein laden en sa gong it oer sânwegen op Grins oan. Mar ûnderweis rekke er dea.
Doe gongen se mei de wein dêrhinne. De kiste hienen se midden op 'e wein stean. Dêr leinen se dy boer yn. De dokter wie ek mei. Sy rieden midden oer de skieding. Twa man sieten foar en ien man siet op 'e kiste. Sa rieden se mei 't lyk op hûs ta.
Mar midden op 'e heide sei dy boer yn 'e kiste: "O, jow my noch in drupske!"
De beide boerkes, dy't foar sieten, woarden sa binaud, dat sy sprongen tagelyk fan 'e wein en dat wie haest je rep je de heide oer. De wein lieten se dêr stean.
De dokter koe bûksprekke, dy hie dat lapt. Dy moest doe mar sjen dat er mei 't lyk yn 'e Kompenije kom.

Beschrijving
Een boer die teveel drinkt wordt ziek en sterft. Als de boer in de kist ligt, horen de begeleiders op de wagen de boer ineens 'toe, geef me nog een slokje!' roepen. De begeleiders springen doodsbenauwd van de wagen en nemen vlug de benen. Later blijkt dat een buiksprekende dokter - ook mee op de wagen - een grapje heeft uitgehaald.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 478, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
3 april 1968
Naam Overig in Tekst
Kompenije   
Naam Locatie in Tekst
Grins   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21