Hoofdtekst
To Surhústerfean wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Syn kammeraet frege him us in kear: "Wyst ek hwat?"
"Ja," sei er, "der komt in greate boer to forstjerren." Hy neamde dy en dy datum en de ûre en de minút der by.
"It hynder," sei er, "dat se foar de wein spanne wol net lûke. Dan wurdt it oare hynder fan 'e boer foar de wein spand. Mar dat wol likemin lûke. Dan spanne se it hynder fan 'e buorman der foar. Dàt hynder lûkt wòl."
It wie krekt sa útkom.

Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Een helmdrager voorspelt het stervenstijdstip van een boer op de minuut af. Hij voorziet ook dat het paard van de buurman voor de lijkwagen gespannen zal worden, omdat de paarden van de boer zelf weigeren.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 479, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
2 maart 1967
Das zweite Gesicht & TM 2901: Helmdragers
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21