Hoofdtekst
Myn neef Wessel wenne yn it Wyldfjild. Hy fortelde my: Ik gong altyd in bulte to streupen. As ik nachts thús kom, wienen 't by ús allegearre katten om 'e doar.
Baeije, myn wiif wie altyd siik. Dy tsjirme. As ik dan nachts dy katten allegear seach, koe 'k it net litte en sjit der op.
"Skeatstû noch?" sei Baeije dan.
"Ja," sei 'k, "ik woe de patroanen út it gewear ha."
Wessel wie in keardel as in beam mar op it lêst woarde er bang fan dy katten altyd om 'e doar.
Baeije kom to forstjerren.
Wessel sei: "'k Ha noait in kat wer sjoen."
Doe is er wer troud mei Jel.
Hy fortelde: "Jel wie op in kear wer yn forwachting. Ik kom thús, doe seach ik in lykstaesje. Der lei in wite doek oerhoeks oer de kiste hinne.
Ik seach de lykstaesje nei. Ik seach him de Loane yngean. Ik tocht: 'Och heden, dêr giet Jel èk noch nei de sânheuvel ta.' (As er dat fortelde roannen him de triennen by de wangen del)
In dei of hwat letter overleed Anne Betsje yn 'e kream.
Doe wie 'k sa bliid, hwant ik tochte o heden, dêr giet Jel wer hinne."

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een stroper ziet 's nachts als hij thuiskomt een aantal katten bij zijn deur zitten. Hij probeert de katten neer te schieten. Als zijn doodzieke vrouw sterft, is er plotseling geen nachtelijk kattenbezoek meer. Als zijn - tweede - vrouw in verwachting is, ziet hij plotseling een lijkstoet. Hij is erg bang dat zijn vrouw in het kraambed zal sterven, maar een andere vrouw is dit lot beschoren.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 493, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
29 september 1968
Leichenzug gesehen en SINSAG 0608 Andere Begegnungen mit Hexentieren.
Naam Overig in Tekst
Wessel   
Baeije   
Loane   
Anne Betsje   
Naam Locatie in Tekst
Wyldfjild   
Jel   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21