Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE452 - Hjir ha jo in kwartsje

Een mop (boek), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Hjir ha jo in kwartsje
In Westereinder keapman, waard by ús ferteld, dy stapte te Grins op 'e trein nei hûs ta. Hy kaam yn in koepee te sitten by in professor, en de keapman begûn in praatsje, sa't de Westereintsjers dat graach dwaan meie. De keapman murk al gau, dat de professor him boppe dat wâldmanspraat ferheven fielde. Dan moat men fansels gjin Westereintsjer foar ha. No wol ik it ris mei him besykje, tocht de keapman
'Ja, jo binne professor', sei er, 'jo witte gâns mear as in sljochtwei minske. Jo sille tink wol gjin nocht mear oan riedsels opjaan en sawathinne hawwe'. 'Nee', sei de professor, 'dêr doch ik net mear oan'. 'En it is doch sok aardich wurk', ornearre de keapman. 'Ja, ik ha der yn myn jonge jierren ek wol oan dien', sei de professor. 'Sille wy it dan no noch ris dwaan, professor?''Ei no, om jo in deugd te dwaan'.
'Sjoch, wy binne yn'e Westerein altyd wend om der in lyts bytsje tusken te setten. Mar der moat ûnderskied bliuwe, no? Wannear't ik jo in riedsel opjou, en jo riede it net, dan krij ik in ryksdaalder fan jo. Jo binne fansels folle snoader as ik. Wannear't jo my in riedsel opjonwe en ik wit it net, dan krije jo fan my in kwartsje'. 'Ei no, toe den mar—begjin jo mar'.
Doe sei de keapman: 'It is read en grien en wyt en swart. It is rûn en fjouwerkantich, en swier en licht. En it stammert op beide einen'. De professor siet in hiel skoft te prakkesearen; doe loek er de beurs en sei: 'No, dêr ha 'k wol oan. Hjir ha jo in ryksdaalder. Mar wat is it dan?' De keapman stiek de ryksdaalder yn 'e beurs en taaste yn 't festjebûske: 'Ik wit it ek net. Hjir ha jo in kwartsje'.

Beschrijving

Een koopman uit Zwaag Westeinde stapt in Groningen op de trein naar huis toe en zitten tegenover een professor. Deze voelt zich verheven boven het praatje wat mensen uit Zwaag Westeinde zo graag maken. Daarom wil de koopman hem terugpakken en stelt voor een raadsel voor elkaar te verzinnen die een ander moet oplossen. De professor stemt toe uit beleefdheid. De koopman stelt echter zo'n moeilijk raadsel dat de professor er niet uitkomt en geeft de koopman zoals beloofd een knaak. Omdat de koopman het ook niet weet krijgt de professor een kwartje.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.414

Commentaar

12 december1978

Naam Locatie in Tekst

Zwaag Westeinde    Zwaag Westeinde   

Grins [Groningen]    Grins [Groningen]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20