Hoofdtekst
Der wienen twa man yn 'e Westerein, dy hienen togearre in duvelsboek. It wienen Ytsje Jelle en Tytsje Jelle. Sy lieten der soldaetsjes mei ta de hurddobbe út komme. Dy gongen der wer ta'n yn, as se itselde tobekliezen.
De beide Jelles wennen flak byinoar. Op 't lêst krigen se sa'n lêst mei dat boek, dat sy woenen it wol graech kwyt. It wie sa dat de duvel siet har altyd op 'e hielen. As ien fan 'e beide mannen oer in daem woe stie de duvel oan 'e oare kant de daem en kearde him. Dan moest er werom gean. Sokke dingen gebeurden der hoe langer hoe mear. Mar dat boek koenen se noait kwyt wurde. Sy moesten der by 't forkeapjen oardel sint oan winne, mar sy koenen 't net kwyt.
Hoe se 't letter kwyt rekke binne, wyt ik net.

Onderwerp
SINSAG 0752 - Zauberbuch kann nicht verbrannt oder weggegeben werden: Zauberer lässt es stehlen.   
Beschrijving
Twee mannen - allebei Jelle geheten - bezitten samen een duivelsboek. Ze laten soldaatjes uit de haardkuil tevoorschijn komen. De soldaatjes gaan de haard weer in, als de Jelles het boek achteruit lezen. De twee mannen willen het duivelsboek gaat kwijt, omdat de duivel hen steeds op de hielen zit. Het duivelsboek is niet kwijt te raken.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 497, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
27 juli 1968
Zauberbuch kann nicht verbrannt oder weggegeben werden: Zauberer lässt es stehlen en SINSAG 0693 Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen.
Naam Overig in Tekst
Jelles   
Jelle   
Ytsje Jelle   
Tytsje Jelle   
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21