Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ049921

Een sage (mondeling), maandag 11 november 1968

Hoofdtekst

Yn 'e buert fan Aldegea hat in bakker wenne. Dy moest wit hoe faek in nije feint ha, hwant alle feinten gongen by him dea.
Op in kear, doe hied er wer in nije feint krige. Dy wie op in joun yn 't bakhûs. Doe wienen der samar fjouwer katten by him kom. De bakkersfeint wie net bang.
De katten seinen tsjin elkoar: "Sille wy him mar wippe yn 'e suortsjettel?"
Doe sei der ien: "Né, earst mat juffrou de Bonte komme."
De bakkersfeint hie in pofmes ré.
Doe't juffrou de Bonte kom, tocht er: "Dy mat ik ha!"
Doe klapte hy der yn mei 't pofmes.
De oare moarns lei de bakkersfrou mei in stikkene poat op bêd. De foarige feinten wienen allegear dearekke yn 't suorfet.
(It suorfet, dêr suorren se froeger it brea yn. Sy dienen der âld brea yn, dat tige sûr waerd. Dêr waerd dan it nije brea mei suorre (zuurketel))

Onderwerp

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

Een bakker trekt steeds knechten aan die spoedig sterven. Een nieuwe knecht wordt prompt benaderd door vier heksenkatten. De katten overleggen of ze de knecht in de zuurketel zullen gooien, maar besluiten te wachten tot 'juffrouw De Bonte' komt. De knecht heeft alles gehoord en steekt juffrouw De Bonte - ook een kat - neer. De volgende dag ligt de bakkersvrouw met een zere, kapotte voet op bed. De bakkersvrouw was de heksenkat: zij heeft alle vorige knechten in de zuurketel gestort.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 499, verhaal 21 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

11 november 1968
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.

Naam Overig in Tekst

De Bonte    De Bonte   

de Bonte    de Bonte   

Naam Locatie in Tekst

Aldegea    Aldegea   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21