Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ050009

Een sage (mondeling), zondag 29 september 1968

Hoofdtekst

In wikseldaelder kin men altyd mar útjaen, hy komt grif werom. By de frijmetselarij ha se wikseldaelders. Kobus Dalstra wie sa'n frijmetselaer. Ek in neef fan my, Wessel Gal hie him oan 'e frijmetselerij forkocht. Frijmitselers, dy't jild brûke matte, wurde trije kear holpen.
As de frijmitselers by elkoar komme, ken de iene de oare net. Sy komme der achterstofoar yn.
Alde Kobus Dal (stra) en Wessel hienen in sulveren troffeltsje.
In reizger yn Deventer hat my ris forteld:
Der wie in feint, dy kom by in fanke. Hja hienen al in skoft forkearing hawn. It fanke har heit wie in oannimmer yn 't polderwurk.
De feint wie in timmermanssoan. Hy wie sels ek by 't timmerfak en hie in stik wurk oannom.
Hy hie krekt in krewij ûnder hannen, mar hy ûnderfoun hinder: Der kommen wellen út 'e groun, dy koed er net ticht krije.
De jonge syn heit wie by de frijmitselers.
De jonge sei tsjin syn faem: "Mast jim heit ris freegje hoe't men dy wellen ticht meitsje kin. Dy sil 't wol wite." Dy man wie èk frijmitseler.
De faem frege 't har heit. Hy sei: "Men mat twa droege koehûden op 'e wellen lizze, dan geane de wellen dea."
Doe't har feint it hearde, sei er: "Meist oan net ien fortelle, datst dit my sein hast."
Hja biloofde dat.
Mar sy sei it tsjin har heit. Hja hie de opdracht fan har feint krigen om it gewaer to wurden.
De koehûden holpen. Dat wie 't iennige goede middel. De jouns kommen de frijmitselers gemaskerd by elkoar. Doe kom it opperhoofd by de jonge syn heit. De heit moest by 't altaer komme. Dêr lei in poppe. Dy poppe moest er de kop ôfslaen. Dat die er.
Doe't er thús kom, hie syn soan de kop der ôf hawn.



Onderwerp

TM 2900 - Vrijmetselaars    TM 2900 - Vrijmetselaars   

Beschrijving

Vrijmetselaars bezitten wisseldaalders. Wisseldaalders kunnen nooit opraken. Vrijmetselaars die geld nodig hebben, worden drie keer geholpen. Als vrijmetselaars elkaar ergens ontmoeten, komen ze omgekeerd het huis binnenlopen. Een timmermanszoon vraagt aan zijn meisje of zij haar vader - een vrijmetselaar - wil vragen hoe rimpels uit de vloer kunnen verdwijnen. De vader verklapt aan zijn dochter dat de rimpels met behulp van koeienhuiden verdwijnen. De jongen drukt zijn meisje op het hart haar vader niet te vertellen dat hij de goede raad van de vader kent. Omdat het meisje het toch aan haar vader doorvertelt, wordt de vader van de jongen bij de vrijmetselaars ontboden. Hij moet het hoofd van een popje erafslaan. Als hij thuiskomt, is zijn zoon onthoofd.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 500, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

29 september 1968
Vrijmetselaars

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21