Hoofdtekst
Ik bin us in kear troch in dwaelljocht forbjustere rekke. In neef fan my, Jan, dy wenne yn in lyts húske yn 'e heide 'De Petten', in ein achterút.
'k Sei us op in joun tsjin Marijke: "'k Wol even nei Jan ta. Setstû om njoggen ûre even 't lampke foar 't gleske del yn 't achterhûs? Dan kin ik 't fine."
Ik praette by Jan. Doe soe 'k wer nei hûs ta. Hy roan in eintsje mei my.
Ik koe troch de wetterlossingen komme op 'e oare kant op 'e wâl. Ik sei: "Nou, nyskes seach ik dat ljochtsje en nou sjoch ik it net."
Ik moest lofts, mar rjochts seach ik in ljochtsje. Ik tocht, dan dat mar út. Doe wie dat ljochtsje wer fuort. Ik draeide my om.
"Hwer stean 'k hjir nou foar?" tocht ik. 't Wie wetter, deselde wetterlossing. Ik roan der by lâns om de rit to finen, dêr't ik der oer moest, mar dy koe ik net wer fine.
Op it lêst kom ik by in húske, dêr brânde noch in ljochtsje. Dêr wenne Gouke Wagenaar. Ik der hinne. Ik sei: "Ik kin 't paed net weromfine."
Om tolve ûre wie 'k thús. 'k Sei tsjin Marijke: "Ik ha fordwaeld west. Der wie nou hjir, dan dêr in ljochtsje. 't Hat in dwaelljocht. west."

Onderwerp
TM 4905 - Dwaallichten (stalkaarsen)   
Beschrijving
Een man bezoekt zijn neef die in een achterafgelegen huisje woont. Hij vraagt zijn echtgenote een lichtje voor het raam te zetten, opdat hij de weg naar huis terug kan vinden. Op de terugweg verdwaalt de man hopeloos. Het lichtje dat hij voor het lichtje in zijn eigen huis houdt, blijkt een dwaallicht.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 505, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
28 oktober 1968
Naam Overig in Tekst
Jan   
'De Petten'   
Marijke   