Hoofdtekst
Doe't Piter Scheper stoar [yn] 1951 kom syn dochter Sjoukje yn it hûs to wenjen. Hja wie troud en hie in pear bern. Earst gong it goed, de man hie fytsmakkerije, mar op 't lêst wie 't allegear forkeard. Hy wie net earlik tsjinoer syn frou, sy hienen faek rúzje en al sa mear.
Op in nacht woarde der yn dat hûs op it aambeeld slein en der woarde mei de hammer yn 'e wurkplaets omsmiten. Dat hienen guon heard dy't dêr de wei lâns gongen. Sy seinen: "Hoe kin dit? Hwat giet it der dêr oan wei. En dòch brânt der gjin ljocht."
Binnen fjirtsjin dagen wie de man fuort. Hy wie útnaeid. Syn frou en bern liet er achter.
Dy nachts, doe 't dêr sa'n leven wie hie âlde Piter Scheper dêr west om to warskôgjen. "Dit mat hjir ophâlde, dit kin sa net", woe hy der mei sizze. Hy hie op 't ambyld slein.

Onderwerp
SINSAG 0434 - Toter kommt wieder, um sich zu rächen.   
Beschrijving
Een vrouw die getrouwd is met een fietsenmaker, wordt erg slecht behandeld door haar echtgenoot. Op een nacht wordt er hard met een hamer op het aambeeld in de werkplaats geslagen. Het blijkt de overleden vader van het meisje te zijn: hij wil zijn schoonzoon duidelijk maken dat hij moet ophouden zijn dochter te kwetsen. De schoonzoon gaat er doodsbenauwd vandoor.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 505, verhaal 12 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
28 oktober 1968
Toter kommt wieder, um sich zu rächen.
Naam Overig in Tekst
Piter Scheper   
Sjoukje   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21