Hoofdtekst
It wie in wûndere âld-keardel. Hy spile mei de duvel ûnder ien huodtsje. Hy hie in forboun mei de duvel.
Hy hie gâns in tún. Dy wie wol sahwat hûndert roede great. Dêr hied er sparje yn. Dy sparje moest sleept wurde. 't Is wier gebeurd, hwat ik nou fortel, ik siet der sels by. In eintsje fan him ôf wenne in keardel, dy hie him biloofd, hy soe de sparje even slepe (mei hynders en in planke). Dat soe dan de oare deis gebeure. Mar deselde jouns let noch hie dy keardel it him opsein.
Doe wie dy âld man o sa lulk woarn. Hy sei: "Dan hoechst it ek noait to dwaen. Dan docht de duvel it wol."
De oare deis lei it al sa moai as hwat. Alles lei plat en 't wie egael en sekuer sleept. Der wie net in hynstepoat to sjen. Dat wie yn 't holst fan 'e nacht gebeurd.
De duvel hie 't foar him opknapt.

Onderwerp
SINSAG 0881 - Der Teufelsvertrag. Mann schliesst einen Vertrag mit dem Teufel, welcher ihm bei seiner Arbeit Hilfe leistet.   
Beschrijving
Een vreemde oude kerel heeft een duivelspact. De oude man heeft een enorme tuin met sparren erin. Als de sparren versleept moeten worden, vindt hij een buurtgenoot bereid te helpen. Als de buurtgenoot het op het laatste moment laat afweten, roept de oude man kwaad uit 'dat de duivel het dan wel doet'. In het holst van de nacht knapt de duivel het hele karwei voor de man op.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 507, verhaal 7 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
24 oktober 1968
Der Teufelsvertrag. Mann schliesst einen Vertrag mit dem Teufel, welcher ihm bei seiner Arbeit Hilfe leistet.
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21