Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ051409

Een sage (mondeling), maandag 04 november 1968

Hoofdtekst

Op in kear bistelt Wytse by de weinmakker op 't Fean in nije platte kroade foar trije ryksdaelders.
"Is dy sterk genôch?" seit er tsjin Sipke (de weinmakker).
"Dêr stean 'k foar yn", seit dy.
"Dan tref ik it," sei Wytse, "ik mat hwat stien brûke."
Hy giet oer de wei nei Jan Schuilinga.
"Ik mat twahûndert stiennen ha."
"Hoe woenen jo dy thús krije?"
"Ik ha in nije kroade by my, in sterken-ien."
"Dy twahûndert stiennen kinne dêr allegear net op."
"Liz der dan mar in pear plankjes by op."
Sy laedden him de kroade fol stien. Dêr kroade Wytse Landheer mei fuort. Hy giet it Surhústerfean del en komt op 'e Trije Roede, doe in sânwei, mei in lyts smel paedtsje der njonken. Hy kroadet oan ien stik wei troch. Op it Ketting komt him ien tomjitte, dêr praet er even mei.
Doe hat er de kroade wer opnom en is nei hûs ta kroade. Mar doe wie de kroade oanein, dy koe 't net foarinoar hâlde. Sipke hat him in nije kroade wer makke.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Een sterke man rijdt in een kruiwagen tweehonderd stenen naar huis. Als hij de kruiwagen onderweg even neerzet om een praatje te maken, begeeft het ding het.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 514, verhaal 9 (archief MI)

Commentaar

4 november 1968
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Wytse    Wytse   

Fean    Fean   

Sipke    Sipke   

Jan Schuilinga    Jan Schuilinga   

Wytse Landheer    Wytse Landheer   

Trije Roede    Trije Roede   

Ketting    Ketting   

Naam Locatie in Tekst

Surhústerfean    Surhústerfean   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21