Hoofdtekst
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
Alde Lamkje, de mem fan Ale Bouk, wie in tsjoenster. Harm v.d. Berg hie lytse bern. Jouns wienen der altyd by harren in keppel katten om 'e doar, dy miauken dêr mar om. (Zie B65-494)
Harm hie in gewear, hwant hy streupte ek wol.
"As dy duvelse katten hjir wer komme," sei er tsjin 't wiif, "dan sjit ik se dea."
Op in kear doe wie 't wer allegear katten. Harm gong op 'e reinwettersbak stean en skeat der op. Hy rekke ien.
De oare deis kom âlde Lamkje foar den dach mei in doek om 'e holle. Sy is op bêd rekke en sy is der ek oan stoarn.
Alde Harm v.d. Berg hie har deasketten, seinen se letter. Sy hie har yn in kat foroare.
(As dy katten om 'e doar hinne strúnden, dan woarden de bern wekker.) Dit gebeurde yn Twizelerheide.

Onderwerp
SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
  
Beschrijving
Een heks kan zichzelf in een kat veranderen. Een man schiet op een stel katten in en raakt er eentje. De volgende dag moet een vrouw - een doek om het hoofd - het bed houden. De vrouw overlijdt later aan haar verwondingen. Zij was de heks die in kattengedaante neergeschoten werd.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 515, verhaal 7 (archief MI)
Commentaar
7 november 1968
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
Naam Overig in Tekst
Lamkje   
Ale Bouk   
Harm v.d. Berg   
Harm   
Naam Locatie in Tekst
Twizelerheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21