Hoofdtekst
Tryn hie hwat jern achterút. Dat hie se opgarre. Twa fan 'e famkes - Martsje en Jantsje - soenen dêr in pear hoaskes fan ha.
Mar dat gebeurde net. Der wienen sokken opset fan dat jern foar Tsjalling.
Tsjalling hie in pear skiep. Doe brochten Fokje en Jantsje dy skiep ris in kear nei de Broekspôlle ta. Doe seinen dy famkes: "Wy ha mem sjoen dêr op 'e Broekspôlle."
Tsjalling sei: "Dat bistiet net." Hy woe 't net leauwe.
Letter seinen de famkes: "Mem hat by ús yn 'e hûs west."
Doe moest Tsjalling it op 't lêst wol leauwe.
Hy is nei ds. Feitsma ta gong. Dy soe komme om Tryn oan to sprekken.
Tryn kom der de jouns wer. Sy stie by 't kastje.
Ds. Feitsma spriek har oan. As der hwat wie, woe er dat graech fan har wite.
Doe hie de skime fan Tryn sein, der lei jern yn it kastje, dat woarde forkeard brûkt. Sy makken der Tsjalling sokken fan, mar it wie bistimd foar hoaskes fan 'e bern.
Sy ha har biloofd dat der hoaskes fan breide wurde soenen. Dat ha se dien en sûnt ha se har noait wer sjoen.
Onderwerp
SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Greate Tsjalling   
Tryn   
Martsje   
Jantsje   
Tsjalling   
Fokje   
ds. Feitsma   
Naam Locatie in Tekst
Broek   
Broekspôlle   
