Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ051601

Een sage (mondeling), woensdag 04 september 1968

Hoofdtekst

Wylde Griet wenne yn 'e Burgumerheide. It wie in tsjoenster. Hja hie in pear greate hounen en in kat en in karre. Dêr ried se altyd yn.
Der wenne froeger ek in skearbaes yn 'e Burgumerheide. Dêr kommen altyd in soad minsken om har skeare to litten. Op in kear seinen se dêr, dat de boskmantsjes wienen der ek wer. "Wy binne gefaerlik," seinen se, "wy matte mar wer goed oppasse, hwant wylde Griet is wer los."
Doe't se dat sein hienen, wie der in lûd by de skearbaes troch de skoarstien kom; dat hie in roek west.
Doe hienen se sein: "Hark ris, it is wer ûnfeilich foar ús. Wy matte joun mar op wacht stean."
En dat hienen se ek dien.
Mar ien fan 'e boskmantsjes hie ien fan 'e mannen krigen dy't de wacht hâldde. Hy hie him omsingele mei netten en hy woarde yn in net rolle. Doe koed er neat mear bigjinne.
De boskmantsjes nommen him mei en setten him gefangen. Mar yn 'e nacht kommen syn maten stiltsjes by him.
Doe sei er: "Ik ha wylde Griet hjir lâns riden sjoen op in wylde baerch."
Doe binne dy oare wachten nei Griet ta gong.
"Dy man mat dêr wei," seinen se tsjin Griet, "hwant it is dyn skuld dat er dêr sit. As it net gebeurt, dan nimme wy wraek."
Griet sei: "Ik sil him dêr wol wer wei helje."
Griet gong nei de boskmantsjes ta. Dy wennen yn in paleis yn 'e bosk. Dêr siet dy man opsluten yn in sel. Doe't de boskmantsjes Griet seagen hienen se allegear skodde en trille fan bangens.
De man wie fuort wer los kom en sûnt dy tiid wie Griet by alle minsken fan it doarp yn oansjen.

Beschrijving

Een heks - bezitster van een stel grote honden, een kat en een kar - stijgt in aanzien als ze een man bevrijdt die gevangen zit bij de bosmannetjes.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 516, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

4 september 1968

Naam Overig in Tekst

Wylde Griet    Wylde Griet   

Griet    Griet   

Naam Locatie in Tekst

Burgumerheide    Burgumerheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21