Hoofdtekst
By 't Bouwekleaster lei in hiele swiere, grouwe beam. Dy hienen se omkapt en nou lei er oer 't paed. Dy beam moest oan kant, oars koe dêr net ien lâns. Der wienen in man of hwat mei dwaende om dy beam dêr wei to tillen, mar sy koenen it net rêdde.
"Earst mar even kofjedrinke", sei de boer. Doe gongen se allegearre by him yn 'e hûs.
Wylst kom Hearke dêr ek lâns. Hy seach dy beam dêr lizzen en tocht: "Dû leist dêr raer."
Hwat Hearke to dwaen hat, hy kriget de swiere stamme beet en tilt de beam pûrallinne oan kant. As it folk de kofje op hat sjogge se, dat de beam net mear yn 't paed leit. Mar fan Hearke is neat mear to sjen.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Sterke Hearke sjouwt in zijn eentje een over de weg liggende boom naar de kant van de weg.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 518, verhaal 2 (archief MI)
Commentaar
1 november 1968
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Hearke   
Sterke Hearke   
Naam Locatie in Tekst
Bouwekleaster   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21