Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ051906

Een sage (mondeling), donderdag 31 oktober 1968

Hoofdtekst

Ik haw us as polderjonge fuort west, dêr wienen ek twa bruorren út 'e Houtigehage by. It wienen in Ritske en in Jan. Hja wennen tichte by de Trije Roeden.
Ritske fortelde, sy wienen us oan 't baggeljen west - wy wienen yn 'e polderkeet, doe't er dat fortelde - dêr hie syn heit ek by west. Sy moesten de bakken fol klyn mei 't baggeljen forsette en as dat net woe, dan raesde Ritske syn heit hyltyd mar: "Duvel, help my! Duvel, help my! Duvel help my! Duvel, help my!" En dêr brûkte er greate flokwurden by.
Dat die er altyd as it net woe.
Op in kear doe koed er de bak mei klyn wèr net fan 't plak krije. Der wie gjin biweging yn to krijen. Doe wie 't wer: "Duvel, help my!" En in flokwurden! Doe hie er de bak krigen en hy hie him wol twa roeden fuortsmiten.
Mar dy nachts yn 'e keet wied er sa binaud west, dat hy wie ûnder 'e tekkens weikrûpt en hy hie mar roppen: "Dêr komme se wer oan! Dêr komme se wer oan!"
Mar syn beide soannen Ritske en Jan hienen neat sjoen.
Doe't se nei 't bêd sjoen hienen wie har heit fuort west. Se hienen him meinom.
Dat gebeurde nachts wol twa kearen. Dan nommen se him mei, sei er, en dan sweefden se mei him oer de branjebulten en alles hinne en dan kommen se by in great wetter torjochte. It wienen altyd twa man dy't him hellen, in greaten en in lytsen. De greate woe him der yn ha, en him forsûpe, mar de lytse net, dy kearde it altyd.
As se dêr in skoft by 't wetter west hienen, dan fleagen se wer mei him werom oer de bulten en alles hinne, nei de keet ta.

Onderwerp

SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).    SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   

Beschrijving

Een ongeduldige jongen roept vaak - al vloekend - de duivel aan als zijn werk hem tegenzit. Als straf wordt de zondaar 's nachts verscheidene keren van zijn bed gelicht door een kleine en een grote kerel. De grote kerel is altijd voornemens de jongen te verzuipen; de kleine kerel weet zijn kameraad hiervan te weerhouden. Als de kerels een tijdje met de jongen bij het water rondgedoold hebben, brengen ze hem weer terug.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 519, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

31 oktober 1968
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).

Naam Overig in Tekst

Ritske    Ritske   

Jan    Jan   

Trije Roeden    Trije Roeden   

Naam Locatie in Tekst

Houtigehage    Houtigehage   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21