Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ052201

Een sage (mondeling), maandag 14 oktober 1968

Hoofdtekst

In omke fan my wie tachtich jier doe't er my fortelde dat er us in kear to murdejeijen west hie yn 'e boulannen. 't Wie op in nacht. Hy hie dêr in daem fornield trochdat der in murd yn in buis sitten hie. Dy buis hied er útgroeven, krekt yn 'e daem.
Doe wienen der guon oankaem, in man en in wiif. Hy hie se allinne mar heard, hy hie neat sjoen. "Donders," tocht er, "dêr komme guon oan." Myn omke hie in maet by him. Hja woenen net wite, dat hja de boel dêr yn 'e daem sa forinneweard hienen, dat sy kroepen fansiden.
Dy beide minsken praetten lûdop, fral de frou. Omke koe alles, wurd foar wurd forstean. Ut it gesprek fornaem er, dat de frou de baes wie. Dy hie it to sizzen.
De man hie in stik lân forkocht oan ien dy't de frou it net ta ha wollen hie. Dêr makke se him om út. It mantsje koe him dêr net tsjin fordedigje, hwant it wie al gebeurd.
Dat hie omke allegear heard. Mar sy hienen noait in mins sjoen. 't Wienen de geesten west fan minsken, dy't al stoarn wienen.

Onderwerp

SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.    SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   

Beschrijving

Een stroper hoort 's nachts een ruzieënd stel naderen. De vrouw verwijt de man een stuk land verkocht te hebben. De twee druktemakers blijken allang overleden mensen te zijn.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 522, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

14 oktober 1968
Andere Tote spuken

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21