Hoofdtekst
De Hege Tsien is in great plak lân. Froeger wie dat perseeltsjelân, dat waerd forhierd oan allerhande minsken. It gebeurde wol gauris, as wy dêr oan 't wurk wienen, dat dêr in keardel op in wyt hynder oer de foarikkers hinne ried. Dat wie op 'e ein fan 't lân. As wy der nei seagen wie er ek samar wer wei. Dat hynder en dy man spokken dêr om.
Dêr mat froeger in slot stien ha. It mat de slothear wêze, dy't dêr altyd omspokke. De hear neamden wy him, ek wol it hearke.
Op in kear ha de duvelbanners meielkoar dy hear nei de Beampoel brocht. Dat is op 'e Heechfinne by Ikkerwâld. Dêr ha se dat hearke hinne band, op in wein mei seis hynders der foar. De Heechfinne, dat wie wyld lân. Dêr wie ek in feart.
Myn broer hie it lân oan 'e oastkant fan dy feart yn 'e hier. Ik en myn broer wienen dêr us togearre oan 't wurk. Doe stapte der oan 'e Westkant fan 'e feart in man om.
Ik seach him. Ik sei tsjin myn broer: "Dat sil 't hearke wol wêze, dy't hjir tahâldt."
Mear praetten wy der net oer.
Even letter wie 't hearke èk al oan ús kant.
Ik sei: "Dêr is er al." Mar hy kaem net by ús, hy bleau op in distânsje. Op 't lêst wie er ek wer sa wei. Ik hie him goed waernaem. 't Wie in rodzige keardel. Hy wie pokdalich en hie read hier. Hy wie dêr pûr allinne op 'e romte. Dat hat it hearke west.

Onderwerp
SINSAG 0410 - Der gebannte Geist.
  
Beschrijving
Op een stuk land wordt soms een kerel op een wit paard gesignaleerd. Even plotseling als de ruiter verschenen is, verdwijnt hij weer. Het is een spookruiter op een spookpaard. Vroeger stond er op die plaats een slot. De spookruiter is de vroegere slotheer. De ruiter wordt later door duivelbanners verbannen naar een ander stuk land. De verteller heeft de slotheer ook eens gezien: een rossige kerel met een pokdalige huid.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 522, verhaal 12 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
14 oktober 1968
Der gebannte Geist.
Naam Overig in Tekst
Hege Tsien   
Heechfinne   
Westkant   
Naam Locatie in Tekst
Beampoel   
Ikkerwâld   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21