Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ052309

Een sage (mondeling), maandag 12 augustus 1968

Hoofdtekst

Wy wennen froeger op 'e Feansterheide.
Alde Jiske Wyts wenne flak achter ús. Dat wie in tsjoenster. Dy woe ús as bern altyd graech oanhelje, mar dat mocht net, dêr warskôge heit ús altyd foar.
Us Antsjemoai woarde siik. Der kom wol us in dikke kat by ús. Doe't dy der wer us wie, krige heit de tange en sloech him dêr mei. Doe hie dy kat in brutsene poat.
de oare deis hie Jiske Wyts de earm yn 'e doek. 't Wie dus in feit, dat hja de tsjoenster wie, dy't har yn in kat foroarje koe.
Myn suster Antsje is deatsjoend, sei heit altyd.
As der in fremde kat by ús yn 'e hûs kom, dan gong hy deroan. Hy moest dea, earder hie heit gjin rêst, hwant dy kat wie de tsjoenster.

Onderwerp

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

Een zieke vrouw blijkt betoverd. De broer van de vrouw slaat een verdachte kat met een tang. De dag erna draagt een oude vrouw - een vermeende heks - haar arm in een doek. Zij was de heks in kattengedaante.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 523, verhaal 9 (archief MI)

Commentaar

12 augustus 1968
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.

Naam Overig in Tekst

Jiske Wyts    Jiske Wyts   

Antsjemoai    Antsjemoai   

Antsje    Antsje   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21