Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ052311

Een sage (mondeling), maandag 12 augustus 1968

Hoofdtekst

Minse Griper en Tryn Snipel wennen oan 'e Spekloane. Tryn wie kaertlizter en Minse wie duvelbander.
Wy hienen dêr lân. Om dêr to kommen moesten wy achter har hûs lâns. Heit hie ús bang makke foar Minse.
Wy wienen trouwens altyd bang, fral jouns as it tsjuster wie.
Doe't ik âlder wie siet ik us op in kear by Minse.
Minse sei: "Soenen jim wol in buorrel meije?"
"Jawol", seinen wy. "Mar hoe krije wy drank?"
"Kin 'k op jim oan?" sei Minse.
"Ja", seinen wy.
"Dan mat ien fan jimmes aenst de flesse drank oannimme."
Doe boun Minse in kaert - skoppenboer - oan 'e lege flesse en dy sette er bûten 'e doar.
Even letter wie dêr in hân om 't hoekje fan 'e doar mei in flesfol jenever.
Doe wie der net ien dy't him oanpakke doarst.
Minse wie deabinaud.
Op 't lêst wie der dan ien dy naem de flesse oan.

Onderwerp

SINSAG 0685 - Pikbube als Helfer.    SINSAG 0685 - Pikbube als Helfer.   

Beschrijving

Een duivelbanner bindt een schoppenboer aan een lege fles en zet de fles buiten de deur. Kort daarop verschijnt er een hand om de hoek van de deur met een gevulde fles jenever. Iedereen is doodsbenauwd de fles aan te pakken. De duivelbanner mag de fles zelf niet aannemen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 523, verhaal 11 (archief MI)

Commentaar

12 augustus 1968
Pikbube als Helfer.

Naam Overig in Tekst

Minse Griper    Minse Griper   

Tryn Snipel    Tryn Snipel   

Minse    Minse   

Tryn    Tryn   

Naam Locatie in Tekst

Spekloane    Spekloane   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21