Hoofdtekst
Yn Drachten wenne in man, dat wie in sekere Joustra. De man hie in keppel bern en moest sa noadich in hûs ha. Hy koe noait in hûs krije. Op it lêst kom er by ien, dy frege him: "Ha jo ek bern?"
"Ja," sei Joustra, "mar dy binne allegear op 't tsjerkhôf."
"Och heden," sei de man, "jo sille in hûs ha." Hy hie meilijen mei Joustra. It kontrakt woarde ûndertekene en Joustra hie in hûs.
Doe't hy der dan yn teach nom er de hiele kudde mei.
"Hwat ha wy nou?" sei de hierbaes, "ik miende dat jou bern allegear op 't tsjerkhôf wienen."
"Ja, dat is èk sa," sei Joustra, dêr wienen se oan 't boatsjen. 't Is dêr feilich, matte jo tinke."

Beschrijving
Een man die dringend een huis nodig heeft verzucht dat 'al zijn kinderen op het kerkhof zijn'. Als een huurbaas de man uit medelijden een huis aanbiedt, trekt de man daar direct met een hele kinderschare in. De huurbaas toont zich erg verbaasd omdat hij dacht dat al de kinderen van de man 'op het kerkhof waren'. De man beaamt dit, want op het kerkhof kunnen ze immers veilig spelen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 525, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
24 oktober 1968
Naam Overig in Tekst
Joustra   
Naam Locatie in Tekst
Drachten   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21