Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ052713

Een sage (mondeling), vrijdag 06 december 1968

Hoofdtekst

Twa man wienen der ris op in kear op út om yn to brekken. De iene wie tige sterk. Sy gongen nei in winkel ta, dêr woenen se har slach slaen. De sterkste gong der yn. De oare soe sa lang op wacht stean.
Mar doe't de sterke goed en wol binnen wie hearde er hwat geskarrel yn 't achterhûs. Hy tocht: Ik mat mar gau wer fuort.
Hy naem yn 'e loop wei in sekfol greate nuten mei.
Doe't er by syn maet kom sei er: "Hwer sille wy se fordiele?"
"Op 't tsjerkhôf," sei dy, "dêr kinne wy se moai telle."
Doe sette hy nei 't tsjerkhôf ta en forparte dêr de nuten yn twaën.
"Dat binn' mynt, dat bin dynt", sei er hyltyd mar.

Beschrijving

Een buitengewoon sterke inbreker hoort in het huis waar hij zijn slag wil slaan plotseling gescharrel. In zijn haast grist hij nog snel een loodzware zak noten weg.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 527, verhaal 13 (archief MI)

Commentaar

6 december 1968

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21