Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ052804

Een sage (mondeling), donderdag 14 november 1968

Hoofdtekst

Ien fan sawn op elkoar folgjende dochters is in nachtmerje.
Myn âld man en Ielke Kooistra hienen in skip. Sy klaeimodderfarden. Sy leinen achter Dokkum by in terp. Tichte by har lei in skip mei in âld wyfke.
Doe hie Ielke tsjin myn man sein: "Hja sizze dan fan in nachtmerje. Mar dat âld-wiif koe wol us in nachtmerje wêze."
Myn man sei: "Hwat praetstou fan in nachtmerje. Nachtmerjes bin der net."
De jouns gongen se op bêd. Myn man lei op 'e bank. Ielke lei der njonken.
Myn man fortelde letter: "Wy leinen los. Ik koe 't skoan fornimme, dat der ien by ús op it skip kom. 't Kom by my, fan ûnderen yn. Ik koe gjin siken mear helje, sa binaud krige ik it. Ik hie net in droege tried mear oan my fan 't swit. 'k Wie forlegen."
Doe't er wekker woarde hied er tsjin Ielke sein: "As ik har moarn sjoch, dan sil 'k it har sizze, dy duvel. Sy hat my heal formoarde."
De oare deis kom Jehannes - in neef fan myn man - by him en dy sei: "Dû mast de klompen tonei oarsom delsette, dan krigestû der gjin lêst wer fan."

Onderwerp

SINSAG 0291 - Mensch von Mahr beritten    SINSAG 0291 - Mensch von Mahr beritten   

Beschrijving

Één van zeven in leeftijd op elkaar volgende dochters is een nachtmerrie. Een man wordt eens bezocht door een nachtmerrie die op hem klimt vanaf het voeteneinde. De man krijgt nauwelijks lucht en het angstzweet breekt hem uit. Een kameraad raadt de man aan de klompen omgekeerd neer te zetten om de nachtmerrie te weren.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 528, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

14 november 1968
Mensch von Mahr beritten

Naam Overig in Tekst

Ielke Kooistra    Ielke Kooistra   

Ielke    Ielke   

Jehannes    Jehannes   

Naam Locatie in Tekst

Dokkum    Dokkum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21