Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ053207

Een sprookje (mondeling), donderdag 04 december 1969

Hoofdtekst

Der wienen in mantsje en in wyfke, dy wennen togearre yn in dôfpot.
It mantsje gong der ris op út to fiskjen en doe fangde er in fiskje yn 'e sé.
Dat fiskje praette tsjin him. "Ik wol sa graech wer yn 't wetter", sei 't. "As jo dat dogge, meije jo in winsk dwaen."
Doe goaide it mantsje dat fiskje wer yn 't wetter.
Hy sei tsjin 't fiskje: "Wy wolle graech in nij hûs ha."
't Fiskje sei: "Gean mar hinne, jimme hà 't al."
Doe't it mantsje thúskom, stie der op 't âlde plak in prachtich nij hûske.
Hy lei syn frou de saek út. "Hwat moai, net?" sei er. "Hwat binne wy gelokkich net?"
In skoftsje letter sei 't wyfke: "Wy matte ek hûsrie ensa ha. Dû mast wer nei 't fiskje ta gean en freegje, of er ús dat ek noch jaen wol."
It mantsje giet nei sé ta en ropt oan it fiskje.
't Fiskje komt by him.
It mantsje seit: "Sjoch, myn frou hat my hjirhinne stjûrd. Dy wol graech meubels ensa ha. Kin dat wol?"
It fiskje seit: "De meubels stean al yn 'e hûs, hear."
It falt faker foar dat it mantsje foar syn wyfke nei 't fiskje mat. Hyltyd is der hwat to winskjen, en 't giet elke kear yn forfulling.
Op 't lêst ha se nergens gebrek mear oan. Se koenen tofreden wêze. Mar by 't wyfke rekket de mjitte noait fol.
Op in moarn seit se tsjin 't mantsje: "Dû mast wer nei 't fiskje tagean en dû mast sizze, dat ik smoarryk wêze wol."
It mantsje sei: "Ik doar hast net wer hinne."
"Dû mast hinnegean", sei 't wyfke. En hja hâldde mar oan. As it mantsje by de sé komt, ropt er 't fiskje by him. En hy seit: "Myn frou wol graech smoarryk wêze, dat moest ik tsjin dy sizze."
Mar 't fiskje seit: "Gean mar nei hûs. Jimme ha neat mear."
Doe't it mantsje thús kom siet syn wyfke yn 'e dôfpot to skriemen.

Onderwerp

AT 0555 - The Fisher and his Wife    AT 0555 - The Fisher and his Wife   

ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.    ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.   

VDK 0555 - The Fisher and his Wife    VDK 0555 - The Fisher and his Wife   

Beschrijving

Er waren eens een mannetje en een vrouwtje die in een doofpot woonden. Als het mannetje eens uit vissen gaat, klaagt een gevangen visje tegen het mannetje dat hij graag weer het water in wil. Het visje belooft de man dat hij een wens mag doen, als hij hem teruggooit. De man stemt toe en wenst dat hij een nieuw huis krijgt. Het visje beweert dat het nieuwe huis er zal staan. Als het mannetje thuiskomt, ziet hij een prachtig nieuw huisje staan. Omdat de vrouw graag huisraad wil hebben, stuurt ze de man opnieuw naar het visje in de hoop dat hij een tweede wens mag doen. Het visje zorgt er ook deze keer voor dat de wens vervuld wordt. Het hebberige vrouwtje kan er geen genoeg van krijgen en stuurt haar man er iedere keer op af om het visje om meer te vragen. Als de vrouw haar man tenslotte naar het visje stuurt met de wens 'schatrijk' te worden, stuurt de vis de man naar huis met de mededeling dat ze niets meer zullen hebben. De voorspelling komt uit: als het mannetje thuiskomt staat zijn vrouw bij de doofpot te huilen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 532, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

4 december 1969
The Fisher and his Wife

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21