Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ053209

Een mop (mondeling), donderdag 04 december 1969

Hoofdtekst

Der wienen in man en in frou, dy wienen to praten nei famylje.
De man iet altyd in hiele protte, dy wist net fan ophâlden. De frou skamme der har foar. Sy sei fan tofoaren tsjin him: "Nou mastû aenst dyn fatsoen hâlde hear, en dy net tobarsten ite."
De man sei: "Dû hast maklik praten. Hwannéár mat ik ophâlde?"
Sy sei: "Ast ophâlde maste, sil ik dy ûnder 'e tafel tsjin 'e foet oanstjitte."
De man hie noch mar in pear mûlfollen fan it iten hawn, doe woarde er tsjin 'e foet stompt. Hy lei de leppel del. Mar it wie de houn dy't him op 'e foet trape hie.
Sy útfanhûzen dêr dy nachts. De man sei tsjin syn wiif: "Hoe koestû my sa gau op 'e foet traepje. Sy wienen ommers allegear noch oan 't iten, ik hie binei noch neat hawn."
"Dat haw ik net dien," sei 't minske, "dat die de houn. Dy lei ûnder 'e tafel en dy trape dy op 'e foet."
"Hie 'k dat witen", sei de man. "Ik forgean fan 'e honger. Ik kin der net fan sliepe."
"Der stiet wol hwat iten yn 'e kelder," sei de frou, "sil 'k dy dat helje?"
Sy gong der ôf en sette nei de kelder ta. It duorre nochal hwat foardat se werom kom. Har man wie yn dy tiid yn 'e sliep rekke. Hy lei mei syn achterein by de planke del. Hja tocht dat dat syn gesicht wie en hâldde de sleef der by.
"Hjir hast hwat", sei se.
Mar de man blaesde ôf.
"Hoechst net to blazen," sei se, "'t is net hyt."

Onderwerp

AT 1691 - "Don't Eat too Greedily."    AT 1691 - "Don't Eat too Greedily."   

ATU 1691 - The Hungry Clergyman    ATU 1691 - The Hungry Clergyman   

Beschrijving

Een vrouw schaamt zich zo erg voor haar gulzige echtgenoot, dat ze met hem afspreekt hem tijdens een bezoek aan familie een teken te geven, zodra zij vindt dat haar man voor het fatsoen genoeg gehad heeft. De vrouw zal onder de tafel de voet van haar man aanstoten. Als de familieleden nog maar net aan tafel zitten, stoot een hond onder de tafel tegen de voet van de man aan. De man legt direct zijn lepel neer. Als het stel 's nachts thuiskomt, verwijt de man zijn vrouw dat hij vreselijke honger heeft omdat hij al zo snel moest stoppen met eten. De vrouw biedt aan wat eten voor de man te halen. Als de vrouw na een tijdje weer terugkomt, is haar hongerige echtgenoot - met zijn billen naar het hoofdeinde - in slaap gevallen. De vrouw ziet zijn achterste aan voor zijn gezicht en houdt de lepel gereed. Als de man vervolgens een wind laat, zegt zijn vrouw dat hij niet hoeft te blazen omdat het niet heet is.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 532, verhaal 9 (archief MI)

Commentaar

4 december 1969
"Don't Eat too Greedily."

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21