Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ053702

Een sage (mondeling), maandag 11 november 1968

Hoofdtekst

Ik praette ris mei in keardel, dy sei: Dêr ha wy hwat bileefd! Wy wurken yn 'e polder. Mei de Feanster boat moest ik fuort by nacht. Ik moest troch hekken.
Ik wie by in hekke. Dêr wie in omstap neist. Ik krige de peal beet, doe taestte ik mei de hân op hwat.
't Wie in gedaente yn 't wyt, dêr hie 'k op taest.
Fan kleare bare skrik haw ik der op houd mei de bôlleskeppe, dy't ik by my hie. Ik ha der gewoan trochhinne slein. Der siet gjin lichem oan. Doe bin 'k werom stapt.
De gedaente stapte achter de hage del en dy is ta de skûrdoar yn stapt.
Doe't ik goed en wol op 'e boat wie, doe wie dêr ien op 'e boat, dy wie foar my itselde paed lâns kom.
Ik sil wol forbouwereard west ha en hwat wyt om 'e noas.
Dy oare sei tsjin my: "Hwat sjochstû nuver. Is der hwat mei dy?"
"Ja", sei 'k.
"Hwat dan?" sei er. "Ik haw ek hwat bileefd."
"Fortel dan us op", sei 'k.
Hy hie suver 't selfde bileefd as ik. Hy hie èk oer 't omstap sild. Doe hied er èk op dy gedaente taest. Hja hie achter de hage lâns gong en sa nei de skûrdoar ta.

Beschrijving

Twee mannen die met elkaar praten blijken hetzelfde beleefd te hebben: als ze zich bij een nachtelijke boottocht aan een paal vastklampen, raken ze een witte gedaante aan. Het is een spookverschijning zonder lichaam. De gedaante spoedt zich vervolgens achter de heg langs naar de schuurdeur.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 537, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

11 november 1968

Naam Overig in Tekst

Feanster    Feanster   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21