Hoofdtekst
Ik hie fochten. 'k Hie ien in wân op 'e hûd jown.
Doe krige ik in jier gefangenisstraf.
'k Sei: "'k Wol us nei Hinke Kaert ta. Dy wenne op Nijebrêge."
Doe't ik der oan ta wie, kom der krekt in âld-mantsje wei. 't Wie in skipper. Hy lei dêr mei 't skip.
"Sy hat my wiis makke, ik krige in nij skip, yn 't koart", sei er. "Hwat tinkt jo dêrfan?"
Ik sei neat.
Doe sei er: "It nije skip, dat is myn deakiste."
Doe't ik by Hinke wie, sei se tsjin my: "Jo ha ek al in fiere reis makke."
Ik sei: "Kin ik hjir net lizze mei in wenskip?"
"Né," sei se, "jo wenje dêr en dêr yn in hûs." It kloppe.
"En jo ha èk forkearing", sei se.
Ik bearde dat ik fan neat wist en sei: "Né, wol?"
"Ja," sei se, "'t is famylje fan de jonge, dy't se fêsthâlden ha. Jo binne in ûngelovige Thomas. Sil 'k jo ris sizze, hwat jou gedachten wienen ûnderweis? Ik sil Hinke hwat wysmeitsje."
It wie sa. Ik tochte: "Nou sil 'k fierder iepen kaert mei har spylje."
"Jo komme wer foar 't rjocht," sei se, "hwant jo ha nòch hwat útheve. Dêr easket de ofsier nòch méar foar, mar 't wurdt neat."
It is krekt sa útkom.
Doe sei se: "As jo út 'e gefangenis komme, is Hinke der net mear." "Nou ha 'k in soan," sei se, "dy is mei de lulke holle nei Amearika gien. Hy antwurdet my net mei syn stive holle op myn brieven."
Ik ha in healjier út sitten.
Hinkemoai wie dea doe't ik los kom.

Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Een waarzegster doet allerlei toekomstvoorspellingen aan een ex-gedetineerde. De voorspellingen komen precies uit.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 541, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
3 oktober 1968
Das zweite Gesicht
Naam Overig in Tekst
Hinke Kaert   
Thomas   
Amearika   
Hinkemoai   
Naam Locatie in Tekst
Nijebrêge   
Hinke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21