Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ054302

Een sage (mondeling), maandag 18 november 1968

Hoofdtekst

Ik bin ien kear mei sterke Ynse fan Sweachster merke kom.
Yn 'e Sweach stutsen wy oan yn 'e herberch. Dêr hongen skealjes yn 'e trochreed, dêr koenen bargen op woegen wurde. Wy woegen ús dêr. Ik tocht: ik win it, hwant ik like mear mâns to wêzen, mar Ynse wie de swierste, die bliken.
Mar syn hannen - sokke ha 'k letter noait wer sjoen. Dy wienen wol twa kear sa great as mines. Hy hie ek greate fuotten. Nei in pear slokjes gongen wy út 'e Posthoorn wei.
Doe't wy yn Olterterp kommen, stuts er yn 't Wite Hûs oan.
Yn 't Wite Hûs kocht er sawn slokjes. Doe't er dy op hie, sei 'k: "Net mear drinke, Ynse, dan komme wy net thús."
Doe sei Ynse: "Dit is noch mar it bigjin."
Doe't wy oan 'e Suderdwarsfeart ta wienen, kocht er yn 't tolhûs tolve slokjes.
Yn 'e Waeibuorren to Oerterp by Oosterbaan dronk er nòch tolwe op.
By Smoarge Alle (frou Terpstra, de frou fan 'e kastlein) op it Foarwurk naem er wèr tolwe slokjes.
Hy moest nei de Miuwmar ta. Doe't er thús wie, bigoun er to ploeijen. Net ien dy't oan him fornimme koe dat er safolle drank hawn hie.

Beschrijving

Een zware kerel met enorme handen en voeten blijkt behalve verschrikkelijk sterk, ook een groot drinker te zijn. Hij lijkt onaangedaan door enorme hoeveelheden alcohol.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 543, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

18 november 1968

Naam Overig in Tekst

Sterke Ynse    Sterke Ynse   

Sweachster    Sweachster   

Sweach    Sweach   

Ynse    Ynse   

Wite Hûs    Wite Hûs   

Oosterbaan    Oosterbaan   

Smoarge Alle    Smoarge Alle   

Terpstra    Terpstra   

Foarwurk    Foarwurk   

Miuwmar    Miuwmar   

Naam Locatie in Tekst

Posthoorn    Posthoorn   

Olterterp    Olterterp   

Suderdwarsfeart    Suderdwarsfeart   

Waeibuorren    Waeibuorren   

Oerterp    Oerterp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21