Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ054901

Een sage (mondeling), vrijdag 13 december 1968

Hoofdtekst

Rixt wie in dochter fan Sterke Hearke. Hja wie hast like sterk as har heit. Hja wie tsjinstfaem by minsken, dy wennen tsjin 'e smid oer.
Op in moarn doe wienen de smid en syn feint even yn 'e hûs om to kofjedrinken en der wie net ien yn 'e smidte. Doe't it kofjedrinken dien wie kommen se der wer yn en doe stie it aembyld net mear op it blok. It wie nergens to finen.
De feint foun it; it stie by de hage.
"Hoe krije wy dat der wer yn?" sei de smid, "dit wurdt in toer." Hy noch syn feint koenen it swiere ding tille.
De frou dêr tsjinoer seach har skrippen. Dy sei tsjin har: "Ik sil ús faem us roppe, dy is sterk."
"Rixt," sei se, "wolstû de smid even helpe?"
"'k Sil 't wolris bisykje", sei Rixt.
Hja sjoude 't ambyld pûr allinne wer op 't blok.
De smid sei: "Moai fanke, nou wyt ik ek fuort, hwa't it dêr nei de hage brocht hie."

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Rixt - de dochter van Sterke Hearke - doet in kracht nauwelijks onder aan haar vader. Op een dag haalt Rixt in de smidse het loodzware aambeeld van het blok. De smid moet haar hulp weer inschakelen om het aambeeld weer op zijn plaats te krijgen.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 549, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

13 december 1968
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Rixt    Rixt   

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21