Hoofdtekst
Guon sieten meielkoarren yn 'e hûs, doe sei der ien fan harren: "Sil 'k jim ris hwat fortelle?"
Der wie in famke, dat hie in ûngelok hawn. Dêr hie se de hân by forspile. De âlden wienen sa mâl mei har, dat hja krige in gouden hân. Letter woarde dat famke siik en it stoar.
Doe seinen de âlden: Dat gouden hantsje, dat dogge wy mar yn 't laed. Dan ha wy altyd noch in oantinken oan har.
Sa kom dat hantsje yn 't laed to lizzen.
Letter woarde der jouns altyd op in bipaelde tiid in gestommel heard yn 'e gong en dan wie it krekt as sei der ien hiel sunich: "Myn hân! Myn hân!"
Earst tochten dy minsken dat it ynbeeldings wienen, mar doe't se it joun op joun altyd mar wer hearden woarden se yndachtich.
Doe sei ien fan har: "Litte wy ris sjen hwat dêr is."
Sy dienen de doar iepen en doe hearden se dúdlik: "Myn hân!" De minsken woarden der raer fan. Sy dienen de doar wer ticht.
In skoftsje letter klonk it: "Hwa hat myn hân?"
En dêr klonk it wer: "Hwa hat myn hân?"
En doe pakte de forteller ynienen ien bot by de hân beet en sei tige lûd: "Dû hast myn hân!"

Onderwerp
AT 0366 - The man from the gallows   
ATU 0366 - The Man from the Gallows.   
Beschrijving
Van een groepje mensen begint er eentje een verhaal te vertellen: Een meisje heeft bij een ongeluk een hand verloren. Het meisje krijgt hierop een gouden hand. Als het meisje ziek wordt en sterft, wordt besloten het gouden handje in de la te stoppen als aandenken. Kort daarop wordt er 's avonds op een vaste tijd altijd hard gestommel in de gang gehoord. Ook is een stem te horen die 'Mijn hand! Mijn hand!' roept. Als de mensen aandachtiger gaan luisteren, horen ze de stem ook herhaaldelijk 'Wie heeft mijn hand?' zeggen. Op dat moment pakt de verteller van het verhaal een van de aanwezigen ruw bij de hand en roept 'JIJ hebt mijn hand!'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 549, verhaal 13 (archief MI)
Commentaar
13 december 1968
The man from the gallows
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21