Hoofdtekst
Der leefden ris in man en in frou. Dat wienen Pibe en Tetsje. Hja hienen ek noch in houn, dat wie Wachter.
Dy minsken wienen nergens bang foar, foar gjin duvel.
Doe't Pibe forlet fan jild hie, kom de duvel by him. "Dû kinst wol jild fan my krije," sei de duvel, "dan kinst dyn fjild wer bibouwe, mar wy prate dit ôf. Alles hwat boppe de groun waechset is foar my en hwat yn 'e groun sit, is foar dy."
"Bêst", sei Pibe en doe gong er hinne en forboude jierpels.
Dy joegen him in skoane frucht en de duvel moest him mei 't lof tofreden stelle.
Doe sei de duvel: "Dit mat oars. Takomme jier wol ik alles ha hwat yn 'e groun sit en hwat der boppe de groun waechset, is foar dy."
"Ek al wer goed", sei Pibe en hy struide rogge.
Dat joech ek in bêste frucht, en de duvel hie neat.
Doe woarde de duvel sa lulk. Trije kear soed er by Pibe en Tetsje komme. Hy hie der nou twa kear west. Hy sei: "As ik nou wèr kom, dan ûntnim ik ien fan jimme beiden de siele. Wy prate sa ôf, de earste de bêste dy't ik dy deis ta 't hûs útkommen sjoch, is foar my."
"Akkoart", seinen Pibe en Tetsje.
Dy deis siet Tetsje foar 't glês to sjen.
"Dêr komt de duvel oan, hear Pibe", sei se.
Pibe sei: "Nou sille wy d' âld feint to grazen nimme." Hy sei tsjin Wachter: "Pak him!"
Dêr hie Wachter wol earen nei. Dy roan ta 't hûs út en sette lyk op 'e duvel ta.
Doe sei de duvel: "In hounesiele wol 'k net ha."
En hy gong fuort en kom noait wer.
Pibe en Tetsje hienen him oermâns west.

Onderwerp
AT 1191 - The Dog on the Bridge   
ATU 1191 - Sacrifice on the Bridge   
Beschrijving
Een echtpaar had een hond. Ze hadden geld nodig, en sloten een contract met de duivel. Die zou geld geven en drie keer komen innen. Het eerste jaar spraken ze af dat de man een stuk land zou verbouwen. Alles wat boven de grond groeide, zou voor de duivel zijn. De man verbouwde aardappels. De duivel had hier niks aan, en het tweede jaar zou hij alles onder de grond krijgen. De man verbouwde dit jaar rogge. Weer had de duivel niets. Het derde jaar wilde hij een van hun zielen. De eerste die op een bepaalde dag naar buiten zou komen, die zou zijn ziel kwijt zijn. Toen ze die ochtend de duivel aan zagen komen, stuurde het echtpaar de hond naar buiten. Maar de duivel wilde geen hondenziel.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 552, verhaal 1
Commentaar
16 december 1968
The Dog on the Bridge
Naam Overig in Tekst
Pibe   
Tetsje   
Naam Locatie in Tekst
Wachter   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21