Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ055406

Een sage (mondeling), vrijdag 17 januari 1969

Hoofdtekst

Der hat in keardel west, dy koe hwat mear as in oar.
Hy hie de kweade hân, seinen se wol. Ien hat my us oer him forteld. Dy hie 't sels bileefd:
Ik hie 't sa earmoedich, sei er. Ik kocht in bichje foar fyftsjin stûren. Doe't ik it thús hie, kom dy keardel by my. Dy koe duvelskunsten.
"Hast in bigge kocht?" sei er.
"Ja", sei 'k.
"'t Is net sa'n dikken", sei er.
Ik sei: "Hy kin wol groeije."
"Dat wol 'k net leauwe," sei er, "'k leau net dat der groei yn dy bigge sit."
Ik hie dy bigge wol in wike of acht. Hy woarde noait ien striebreed méár mâns.
Doe kom ien by my, dy sei: "Dyn bigge wint net folle oan."
"Wolst him keapje?" sei 'k. "Foar fyftsjin stûren kinst him krije. Dat ha 'k der sels èk foar jown."
De koop gong oan.
Doe't dy oare de bigge in pear dagen hawn hie, kom dyselde keardel mei syn duvelskunsten èk by him.
"Hastû dy bigge oankocht?" frege er. "Hy is net folle dikker woarn."
"Dat kin noch wol komme", sei de oare.
"'k Leau net dat der groei yn sit", sei hy wer.
Fjirtsjin wiken letter wie de bigge noch krektengelyk.
Doe hat dy oare him èk wer forkocht.
Fuort dêrnei kaem de keardel mei syn duvelskunsten by de trêdde eigner. Hy sei: "De bigge, dy wurdt nou sa âld, hy mat nou mar groeije."
Yn acht wike tiid wie 't in bigge as in liuw!


Onderwerp

TM 3117 - De kwade hand (het boze oog)    TM 3117 - De kwade hand (het boze oog)   

Beschrijving

Een arme man kocht eens voor zestien stuivers een big. Een man met de kwade hand kwam voorspelde hem dat het dier niet zou groeien. Na acht weken was de big inderdaad nog steeds niet gegroeid. De man verkocht het dier. De man met de kwade hand deed nu de tweede eigenaar dezelfde voorspelling, en nog steeds groeide de big niet. Ook hij verkocht het dier weer. Nu zei de man de derde eigenaar dat het wel eens tijd werd dat de big zou groeien. En in acht weken was de big zo groot als een leeuw!

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 554, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

17 januari 1969
De kwade hand (het boze oog)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21